SC Cambuur pakt punt by RKC

27 feb 2009 - 22:09

Sportklub_Cambuur hat freedtejûn mei 1-1 lykspile tsjin RKC Waalwyk. Dêr wie de ploech fan trainer Stanley Menzo it meast tefreden mei, want Cambuur moast de lêste 25 minuten mei tsien man spylje. Ale de Boer krige twa kear giel en moast fan it fjild.

Yn de earste helte kaam SC Cambuur op foarsprong troch in goal fan Ruud ter Heide. Dêrnei krige RKC de oerhân en waard it 1-1 fia Charlison Benschop. Troch dit lykspul bliuwt de achterstân fan SC Cambuur op RKC trije punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)