Prorail hoecht net stiller

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert mei spoarbehearder Prorail gjin strangere lûdsnoarmen oplizze. Dat hat de Raad van State freed bepaald. It giet om in foarriedige útspraak, omdat der noch in boaiemproseduere rint.
De gemeente Ljouwert hie klachten krigen fan omwenners fan it Stasjonsplein oer it leven fan de treinen. De gemeente hie dêrom strangere kriteria opsteld. De Raad van State hat sein dat de gemeente net sekuer west hat yn syn beslút.