'Rapport kommisje jout kânsen'

27 feb 2009 - 19:55

Der sille mear Friezen oan it wurk komme as de oanbefellings fan de Kommisje Wurk opfolge wurde. Dat seit wethâlder Florijn fan Ljouwert. Hy krige it rapport freed fan André Olijslager, de eardere topbestjoerder fan Friesland Foods.

Ien fan de foarstellen is om minsken sûnder baan as oerbrêging in opliedingsbaan te jaan, wêryn't se ek diploma's helje kinne. In oare oplossing is om arbeidsbemiddelders te befrijen fan burokratyske regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)