Kommisje pakt wurkleazens oan

27 feb 2009 - 17:17

In spesjale kommisje mei de namme Werk! is oan it wurk om de wurkleazens yn Fryslân oan te pakken. It giet om minsken dy't yn dizze krisis gjin baan ha, mar ek dy't mooglik har baan kwyt reitsje. De kommisje tinkt dat de ekonomyske malêze twa jier duorret.

In manier om minsken wer oan wurk te krijen is dat sy sûnder de papierrompslomp oan in baan begjinne kinne. Boppedat moatte oerheid, bedriuwen en skoallen better gearwurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)