Ton Baas nei Boarnsterhim

27 feb 2009 - 17:11

Ton_Baas wurdt tydlik boargemaster fan Boarnsterhim. Dat hat de provinsje bekend makke. Kommissaris Jorritsma hat mei de fraksjefoarsitters praat oer dat der sa gau mooglik in opfolger komme moat foar boargemaster Schadd.

Ferline wike tongersdei stapte it kolleezje fan Boarnsterhim op fanwege grutte finansjele tekoarten. It ûntslach waard tiisdei troch de gemeenterie aksepteard. Ald-deputearre Baas wie earder ek waarnimmer yn Opsterlân en Dongeradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)