Eilantsjes by Molkwar opknapt

27 feb 2009 - 15:01

It Fryske_Gea hat twa fûgeleilannen yn 'e Iselmar by Molkwar opknapt. Troch tefolle begroeiïng lutsen de eilannen net mear de fûgels dêr't se foar bedoeld wiene. De eilantsjes binne begjin njoggentiger jierren oanlein. As briedplak foar de stern en rêstplak foar bygelyks de skries. Mar al gau begroeide de boel en namen de skiere guozzen de eilannen oer.

De ôfrûne twa wiken binne de eilannen skjinmakke fan begroeiïng. It wurk koste hast 25.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)