Soad skea fan brân opfanghûs

it reparearjen fan de skea duorret noch moannen
It duorret noch in pear moannen foardat bewenners fan it 'Huis voor jongeren' yn Ljouwert wer yn har hûs kinne. Troch koartsluting ûntstie fan sneintenacht brân yn it hûs. Der is in soad skea en dêrtroch moat benammen de earste ferdjipping bot restaureard wurde.
De jongeren giene nei de brân op in survivaltraining. Se komme freed wer werom. In part fan de groep wurdt opfongen yn in spesjale ôfdieling fan de Terp en in part by Fier Fryslân.