Ald-Ljouwerter yn ramptastel

27 feb 2009 - 12:28

Yn it ferûngelokke fleantúch fan Turkish_Airlines siet woansdei ek in âld-Ljouwerter. It giet om Kenan_Demir. Hy wennet no yn Delft, mar de rest fan it gesin wennet noch yn de Fryske haadstêd.

De man hat it ûngelok oerlibbe en leit yn it sikehûs fan Haarlem. Syn dochter Melissa (14) hearde fia Turkse media dat har heit ien fan de passazjiers wie. Hy wie op de weromreis fan in famyljebesite. Fia de gsm krige se kontakt mei har heit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)