Eelke v/d Wal bûnscoach KNWU

© Omrop Fryslân
Ald-hurdfytsprof Eelke_van_der_Wal fan Holwert is beneamd ta bûnscoach fan it oanpaste hurdfytsen. Yn dy funksje wurket er mei minsken mei in hendikep. It is in nije funksje by de KNWU, it Nederlânske hurdfytsbûn.
Van der Wal moat der yn it earste plak foar soargje dat der safolle mooglik Nederlânske hurdfytsers nei de Paralympics, 2012 yn Londen, gean. Boppedat sil er him ek dwaande hâlde mei talintûntwikkeling yn de sport. Van der Wal hold yn 2008 op mei hurdfytsen.