Marktplaats keart Frysk op

27 feb 2009 - 09:51

Jehannes_Annema út Westergeast is lulk op Marktplaats. De ferkeap-webside hat al in tal kearen syn Frysktalige advertinsjes derôf helle, wylst syn Nederlânsktalige stean bliuwe. Annema neamt dat taaldiskriminaasje. Hy hat no de help ynroppen fan de Ried fan de Fryske Beweging. De Ried oerwaget in proefproses te begjinnen tsjin Marktplaats.

Marktplaats seit it Frysk yndie net ta te stean om´t der net ien is dy´t dy taal kontrolearje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)