Pruiksma wol muzykwurkpleats

27 feb 2009 - 09:46
  • Hoite Pruiksma

Hidaard krijt mooglik in muzykwurkpleats. De Fryske dirigint/komponist Hoite_Pruiksma wol yn in buorkerij ferskate wurkateliers meitsje, in lyts teater mei poadium, studio's en in romte om te iten en te sliepen. Hy ferwachtet dat nasjonaal en ynternasjonaal bekende muzikanten en amateurs fan it sintrum gebrûk meitsje sille om mei oare keunstners oan in produksje te wurkjen.

De mooglikheden om sa'n wurkpleats op te setten wurde ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)