Aris ferliest yn Grins

Aris ferliest yn Grins
De basketballers fan Aris Friesland spilen tongersdei foar de twadde kear dit seizoen út tsjin Grins. De earste kear einige mei 103-101 krekt yn it foardiel fan de Grinzers. Yn de Martiniplaza skoarde Grins no wer 103 punten, mar Aris bleau dêr fier achter mei mar 85 punten. It liket dat Aris der net better op wurden is.
Dat betsjut dat Aris op it foarlêste plak stean bliuwt. De play-offs binne lykwols noch net hielendal út byld.