Merk Dokkum nei Breedstrjitte

27 feb 2009 - 07:41

De wykmerk yn Dokkum wurdt definityf ferpleatst fan de Markt nei de Grutte Breedstrjitte yn de stêd. De gemeenteried fan Dongeradiel gie tongersdei unanym akkoart mei it foarstel. De ferpleatsing moat wer mear merkkeaplju lûke. Ein jierren njoggentich wiene dat der noch 32. Op dit momint binne dat der noch mar 15.

De ferpleatsing kostet de gemeente 35.000 euro. Dat hat foaral te krijen mei de oanlis fan in ûndergrûnske stroomfoarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)