Dongfergesters stillein

AID hat dongfergesters stillein
De AID hat yn hiel Nederlân sechstjin dongfergesters stillein omdat boeren der saken yn dogge dy ´t net tastien binne. Boeren meie neist dong ek oare saken yn de ynstallaasje dwaan as it mar op in list stiet. Mar dêr giet de AID te strang mei om, sa fine sawol de boeren as de CDA-Steatefraksje yn Fryslân. Ynstallaasjes wurde bygelyks stillein omdat der patat, koekjes of blombollen yn dien binne.
Yn Fryslân binne der seker twa ynstallaasjes stillein.