Karmerk foar bedriuweterrein

© Omrop Fryslân
Undernimmers op bedriuweterrein de Kavels op It Hearrenfean meitsje serieus wurk fan it heljen fan it Keurmerk Veilig Ondernemen. Doel fan it karmerk is om kriminaliteit en oerlêst op bedriuweterreinen te ferminderjen.
Yn gearwurking mei ûnder oare de plysje sykje ûndernimmers nei oplossings foar it probleem. Sa komt der in nulmjitting om te sjen hoe grut oft de problemen op dit stuit binne.