Van der Laan nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
Minister Van_der_Laan fan Wenjen, Wiken en Yntegraasje jout moandei yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen it startskot foar de renovaasje fan sechstich wenten. De wenningen yn de Abeelstrjitte wurde sa renoveard dat it enerzjyferbrûk leger wurdt. Der komt nije elektra yn en ek de isolaasje wurdt better.
Heechterp-Skieringen is ien fan de fjirtich ´Vogelaarwiken´. Dat binne probleemwiken dy´t wer leefber makke wurde troch ekstra ynvestearrings.