Hearrenfean is klear foar PSV

Trond Sollied: de wike fan de wierheid (foto Martin de Jong)
De fuotbaltopper yn ´e earedivyzje PSV-Hearrenfean is freedtejûn yn Eindhoven. Beide ploegen hawwe 45 punten út 24 wedstriden. PSV hat nei de trainerswiksel it paad omheech fûn en Hearrenfean hat nei de winterstop ferdigenjend de saak folle better op oarder.
Trainer Trond_Sollied wol noch neat sizze oer de opstelling. Wol hat er it oer de wike fan ´e wierheid, want nei PSV wurdt foar de beker spile tsjin NEC.