Besunigings Friesland College

26 feb 2009 - 14:37

It Friesland College moat kommend jier fiif miljoen euro besunigje. De tydlike kontrakten wurde net ferlingd. Dat betsjut dat der sa´n tritich banen ferlern gean. Op It Hearrenfean wurde twa gebouwen ôfstjitten. De opliedings wurde ûnderbrocht yn de nijbou by it Abe Lenstrastadion. Ek wurdt der foarearst ôfsjoen fan fierdere nijbouprojekten.

De besunigings binne nedich om´t in pear subsydzjepotsjes leech binne en der minder learlingen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)