Drachten stimulearret ekonomy

Nije ûnderwiislokaasjes stean ek op de list
It kolleezje fan Smellingerlân wol yn de kommende twa jier 47 miljoen euro ekstra útjaan oan ekonomyske ympulsen foar de gemeente. Se wolle bouplannen earder útfiere, jild frijmeitsje foar nije ûnderwiislokaasjes, opknapbeurt foar it sintrum, miljeu-ynvestearrings stimulearje en keunstgersfjilden foar Drachtster_Boys.
De gemeenteried moat de plannen noch goedkarre, mar neffens boargemaster Middel hat de gemeente sunich oan dien en kinne der reserves ynset wurde.