Sindingsskip yn Harns

de Logos Hope
Sindingsskip de Logos_Hope út Denemarken leit de kommende twa wiken yn de haven fan Harns. It is it flaggeskip fan de ynternasjonale kristlike organisaasje Operatie_Mobilisatie. De boaten steane bekend om harren grutte boekwinkels, dêr´t se jild mei ynsammelje foar ûntwikkelingslannen.
Operatie_Mobilisatie is yn de 50-er jierren oprjochte troch in Amerikaan. Mei skippen reizgje se de wrâld oer om it evangeelje te ferkundigjen.