Swalker wol net út portyk wei

26 feb 2009 - 10:14

In 20-jierrige swalker is woansdei oppakt, om´t er yn in portyk lei fan in flat oan de Sint_Jansberg yn Drachten. De plysje hie meardere klachten krigen oer de swalker.

De húsmaster hie de man al in pear kear frege om fuort te gean, mar dat wegere er. Dêrop waard de plysje warskôge. Dy hat de swalker fêstset op it buro. Ofrûne moandei waard de man foar itselde feit oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)