Lilke Burgumer oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei yn De_Pein in 34-jierrige man út Burgum oanholden om´t er in motorplysje bedrige. De fertochte ried yn Nijegea yn syn auto by de plysje lâns. Hy die it rút iepen en begûn de man út te skellen.
De motorplysje gie achter de bestjoerder oan en joech him in stopteken. De fertochte sette syn auto oan de kant en skold de plysje op ´e nij út. Hy wie bot agressyf. Uteinlik ried er troch mar fierderop gie it wer mis. De poerlilke man is doe fêstset.