Skea oan hûs Harns nei brân

Brân yn de skoarstien (foto: Nick den Boer)
In wenbuorkerij oan de Lundingawei yn Harns hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei flink wat skea oprûn troch in brân. It fjoer begong yn de skoarstien, mar sloech oer nei de wenning.
De bewenners hawwe it fjoer om fjouwer oere nachts hinne sels ûntdutsen. Se warskôgen de brânwacht. Om fiif oere wie de brân ûnder kontrôle. De skea oan it hûs is grut. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.