'JSF is net lûder as F16'

It leven fan de JSF soe tafalle
De JSF soarget net foar mear lûdsoerlêst as de F16. Dat hat in hege generaal fan it Pentagon woansdei oan in delegaasje fan de Twadde Keamer bekend makke. Hy basearret him op nij ûndersyk dat yn Amearika dien is nei it jachtfleantúch.
Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is ien fan de dielnimmers oan de delegaasje dy't oant sneon yn Amearika is om alles oer de JSF te hearren. De delegaasje hat noch gjin sifers krigen oer it leven dat de JSF makket.