Seehûn Seppe noch net fongen

© Omrop Fryslân
It is woansdei net slagge om seehûn Seppe te fangen. It bist is ferline wike ûntsnapt út seehûnekresj Pieterburen. By Mildaam tochten se woansdei in goede kâns te meitsjen it bist te fangen, mar seehûn Seppe wie syn fangers wer te fluch ôf.
De minsken fan de kresj hawwe it fangmateriaal no oprêden en wachtsje oant der wer in melding komt. Se wolle Seppe dochs graach fange, want it Fryske binnenwetter is net echt geskikt foar seehûnen.