Sukses Rebound plus projekt

25 feb 2009 - 17:25

It rebound plus projekt yn noardeast-Fryslân moat bestean bliuwe. Dy oprop die Piet Nauta fan it gearwurkingsferbân yn dat gebiet woansdei by in besite fan steateleden oan it projekt yn De Westereen.

Rebound plus is in projekt wêrby't bern dy't it bedoarn ha op skoalle in twadde kâns krije. Se krije begelieding en der wurdt hurd oan wurke de bern werom op skoalle te krijen. Sa moat skoalle-útfal foarkommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)