Mooglik stappen tsjin Radar

25 feb 2009 - 14:47

Eigner Henk Visser fan Friesland Beef oerwaget juridyske stappen tsjin it TROS-programma Radar. Oanlieding is in útspraak fan de Ried foar de Sjoernalistyk tiisdei.

Yn it tv-programma waarden mooglike misstannen mei fee signalearre by it fleisferwurkingsbedriuw, dêr't Visser leveransier fan wie. De Ried foar de Sjoernalistyk fynt dat ûnterjochte meld is dat it gie om fee dat yn it slachthûs wie, wylst it gie om misstannen by it transport.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)