Fangaksje seehûn by Mildaam

25 feb 2009 - 11:52
  • By de brêge is in fangnet oanbrocht

Yn de Tsjonger by Mildaam is woansdei besocht de seehûn Seppe te fangen. It bist naaide ferline wike mei noch in pear út út de seehûnekresj yn Pieterburen. Ien fan de trije is gau wer fûn, mar de seehûnen Seppe en Emma wiene sûnt dy tiid fuort.

Seppe dûkte op yn de Tsjonger. Minsken fan de kresj besochten it bist op te driuwen rjochting de earste slûs dêr't in grut net yn it wetter hong. Dêr swom er lykwols ûndertroch. Hy soe no op wei nei de Tsjûkemar wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)