Sms-registraasje al op Veluwe

Ek ôfsketten swinen wurde mei sms oanmeld
It registraasjesysteem dat fan dizze maitiid ôf brûkt wurdt by it sykjen fan ljipaaien, wurdt al tapast op de Veluwe. Dêr registrearje jagers fia it systeem hoefolle wylde bargen se sjitte. Dat dogge se per sms.
Yn opdracht fan de Fûgelwacht hat it bedriuw Natuurnetwerk it systeem ek geskikt makke foar it ljipaaisykjen. Hoewol it net hielendal wetterticht is bepaalde de rjochter tiisdei dat it goed genôch is om it sykjen trochgean te litten.