Nije oanpak ynboargering

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert sil aktiver allochtoanen werve foar ynboargeringskursussen. Spesjaal oanstelde ambassadeurs gean de stêd yn om allochtoanen safier te krijen dat se kursussen folgje en meidogge oan aktiviteiten yn har wyk.
De nije oanpak makket diel út fan it plan 'Inburgering, een stap vooruit'. Foar de útfiering fan dat plan hat Ljouwert in miljoen euro krigen fan it Ryk. Ljouwert is ien fan de acht stêden dy't jild krigen hat.