Faunabescherming ferliest saak

De Ljouwerter rjochtbank hat it fersyk fan Faunabescherming om it ljipaaisykjen te ferbieden ôfwiisd. Faunabescherming fierde moandei by de rjochter oan dat it nije systeem fan it oanmelden fan aaien mei in sms 'lek' wêze soe. Ek waard sein dat it min gean soe mei de ljip yn Fryslân.
Dizze arguminten binne troch de bestjoersrjochter fersmiten. De útspraak betsjut dat it ljipaaisykjen meikoarten útein sette kin.