Provinsjehûs net goedkeaper

De nijbou fan it provinsjehûs kin net goedkeaper, no't de prizen fan grûnstoffen hieltiten fierder sakje. Dat seit direkteur Henk Dedden fan de Bouwcombinatie Provincie Fryslân, dy't it nije provinsjehûs bouwe sil. It projekt kostet tachtich miljoen euro.
Tiisdei is de oannimmersoerienkomst tekene. De ferwachting is dat de sloop foar de boufak klear is, sadat dêrnei mei de nijbou begûn wurde kin. Ein 2011 moat it ferboude provinsjehûs dan klear wêze.