Speedboat-eigner: 24 moanne

24 feb 2009 - 14:06
  • It plak fan it earnstige speedboatûngelok ferline jier

De eigner fan 'e speedboat dy't yn juny in fataal ûngemak feroarsake op it PM-Kanaal by Grou, hat 24 moanne sel krigen, wêrfan 8 ûnder betingst. Dat hat de rjochter tiisdei bepaald. Dat is in heal jier langer as easke.

De bestjoerder fan 'e speedboat hat 15 moanne sel krigen, wêrfan 5 ûnder betingst. Dat is 3 moanne langer as easke. De advokaten fan beide partijen geane yn heger berop. By it ûngelok kaam in 42-jierrige ynwenner fan Jellum om it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)