Soargen aptekers oer sikehûs

24 feb 2009 - 12:32

Aptekers yn de omkriten fan It Hearrenfean meitsje har soargen oer de nije apteek yn sikehûs De Tsjongerskâns. Neffens de aptekers is dat in risiko foar de pasjinten, omdat de nije apteek net alle medyske gegevens fan 'e kliïnten hat.

It sikehûs fielt him tsjintwurke troch de aptekers en wol graach alle gegevens diele. Tiisdei soe de maatskip fan apteken oerlis ha mei de nije apteek en it sikehûs. It sikehûs hat dat oerlis ôfsein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)