Ciba: mear wurktiidferkoarting

24 feb 2009 - 11:38

Gemysk bedriuw Ciba op It Hearrenfean wol de wurktiidferkoartingsregeling foar de wurknimmers mei seis wike ferlinge. It bedriuw makket sûnt jannewaris gebrûk fan de wurktiidferkoarting foar hûndert wurknimmers omdat de omset ein 2008 bot sakke. Ciba hat in soad lêst fan de ekonomyske krisis.

Ciba makket grûnstoffen foar de inkt-, ferve- en keunststofyndustry en eksporteart nei ûnder oare Amearika en Japan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)