Grut sindingsskip nei Harns

De Logos Hope
It nije sindings- en boekeskip Logos Hope fan sindingsorganisaasje Operatie Mobilisatie komt woansdei nei Harns. It skip is rom 130 meter lang en der binne sa'n 350 minsken út 40 lannen oan board. Der wurde rûnliedings jûn en der wurdt jild ophelle om yn earme lannen EHBO-, foarljochtings- en edukaasjematereriaal te fersprieden.
De Logos Hope leit oant snein 8 maart yn de yndustryhaven en is sawat elke dei iepen foar publyk.