Mear jild nei promoasje Amelân

24 feb 2009 - 08:12

Stichting Ameland Promotie, SAP, sil mear dwaan moatte oan nammebekendheid. De gemeente stelt dêrfoar 25.000 euro beskikber. De gemeente ferwachtet fan de Amelanner ûndernimmers inselde bydrage, mar dy binne net allegear like wiis mei SAP.

It bestjoer sponsort nammentlik FC Grins foar in bedrach fan 180.000 euro. Dat is sawat de helte fan it folsleine budzjet. Dochs ferwachtet wethâlder Bakema ekstra jild. Neffens is de ekstra promoasje wol nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)