Mega-oarder dochter Oranjewoud

© Omrop Fryslân
It advysburo Delta Consultants út Gouda, ûnderdiel fan yngenieursbedriuw Oranjewoud op It Hearrenfean, hat in opdracht fan 7,1 miljoen euro binnen helle foar it opromjen fan in earder oaljedepot yn Franklinville yn de steat New Jersey yn Amearika. It giet dan om fersmoaring fan oalje út opslachtanks.
Delta Consultants hat yn sa'n 20 jier ûndersyk dien nei de boaiemproblemen. Ek binne der oplossingen betocht dy't de bedriuwsfiering net fersteure.