Mear jild foar festival Burgum

© Omrop Fryslân
It W(r)âldsimmerfestival yn Burgum krijt fiiftûzen euro ekstra subsydzje fan de gemeente Tytsjerksteradiel. It giet om in ienmalige subsydzje foar dizze multykulturele wike yn Burgum en omkriten healwei juny. Neffens de gemeente kin it W(r)âldsimmerfestival grutte wearde ha foar de útstrieling fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
De ekstra subsydzje is ek bedoeld foar de slach dy't makke is om safolle mooglik eveneminten yn de gemeente opelkoar ôf te stimmen.