Plan foar draakjeflean-foto's

23 feb 2009 - 15:50

Ynwenners fan Fryslân kinne kommende moanne oanjaan hokker plak neffens har út de loft wei op de foto set wurde moat. It giet om in idee fan Atelier Fryslân. Dizze organisaasje wol sa sjen litte dat der in soad fariaasje sit yn it Fryske lânskip.

De foto's wurde makke mei in draakje mei in kamera der oan. De foto's wurde publisearre op ynternet en der wurdt ek in útstalling fan makke. Dy sil nei de simmer ûnder oare yn it Frysk museum te sjen wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)