'Sms-aaisyksysteem is lek'

23 feb 2009 - 14:09

It nije kontrôlesysteem mei SMS-kes foar it aaisykjen is sa lek as wat. Dat hat Faunabeskerming moandei sein by de rjochter yn Ljouwert. Se wolle dat de rjochter it systeem en de ûntheffing fan 'e provinsje opkeart.

Aaisikers moatte tenei mei in sms oanmelde dat se aaien fûn ha. Se krije dan in berjocht werom oft se dy meinimme meie. Neffens Faunabeskerming kin in aaisiker moarns bygelyks trije aaien oanmelde, dy nei hûs bringe en dan mear aaien ophelje sûnder sms-ke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)