Kampanje Vrouw zoekt baas los

© Omrop Fryslân
Froulju oan it wurk helpe dy't thús sûnder wurk en útkearing sitte. Dat is it doel fan 'e kampanje vrouw zoekt baas. De kampanje is in inisjatyf fan de sosjale tsjinst Noardwest-Fryslân.
Moandei wie de earste byienkomst dêr't sa'n fjirtich dielnimmers op ôf kamen. De dielnimmers sille noch fjouwer dagen byinoar komme, dêrnei sil in jobhunter op syk nei wurk foar harren.