Nuon wurdt hielendal Sweedsk

Vattenfall betellet 8,5 miljard euro foar Nuon
Enerzjybedriuw Nuon komt op termyn folslein yn hannen fan it Sweedske konsern Vattenfall. It Sweedske bedriuw hat 10,3 miljard euro oer foar Nuon. Vattenfall begjint mei in minderheidsoandiel fan 49 persint, mar sil dat belang yn seis jier tiid útwreidzje.
Nuon en Vattenfall hawwe de oerienkomst moandei offisjeel bekend makke. De provinsje Fryslân is oandielhâlder fan Nuon foar goed tolve persint.