'Dûmny wit te min fan lânbou'

© Omrop Fryslân
Dûmny's, predikanten en pastors witte faak te min ôf fan de problemen dêr't agrariërs mei te krijen hawwe. Etyske fraachstikken lykas de produksje fan graan foar biobrânstof en net foar iten kinne boeren foar grutte fraachstikken stelle. Dat jildt ek foar de tanimmende skaalfergrutting.
De yntertsjerklike wurkgroep tsjerken en lânbou wol tsjerke-profesjonals yn Fryslân op spesjale byienkomsten ynformearje oer boeren en har wurk en soargen.