Racing Expo: 13 bekeurings

23 feb 2009 - 09:33

Trettjin besikers fan 'e beurs Racing Expo ha dit wykein in bekeuring krigen. Trije bestjoerders waarden bekeurd omdat de autoruten te donker makke wiene. In automobilist (18) út Toppenhuzen waard oanhâlden foar gefaarlik rydgedrach. Hy ried te hurd oer de Tesselschadestrjitte en helle oare auto's gefaarlik yn

Ek makke de auto tefolle leven omdat de demper fan syn útlaat miste. Neidat hy oanhâlden wie, waard er letter wer oanhâlden yn Goutum foar te hurd riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)