Nuon fierder mei Sweden

23 feb 2009 - 08:32

It Sweedske enerzjybedriuw Vattenfall nimt in grut belang yn enerzjybedriuw Nuon. Dat skriuwt de Telegraaf op basis fan bronnen. De deal soe dit wykein sletten wêze. Vattenfall is de op fjouwer nei grutste enerzjyprodusint fan Europa.

De provinsje Fryslân besit in achtste diel fan de oandielen fan Nuon. It bedriuw is al lang op siik nei in grutte partner. Moandetemiddei wurde nei alle gedachten details oer de oandieleferkeap bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)