Museumaksje moat wike langer

23 feb 2009 - 07:24

De aksjewike 'Help pake en beppe de vakantie door' hat ferline wike 25 persint mear besikers nei de Fryske musea lutsen. De kampanje is sa suksesfol dat de federaasje fan Fryske Musea der noch wol in wike oanfêst plakke wolle soe om ek fakânsjefierende bern út de rest fan it lân te betsjinjen.

Dêr is no gjin budzjet foar. Op fertoan fan pake of beppe meie bern yn de maaitiidsfakânsje fergees nei binnen yn 35 musea en argiven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)