Sybren Jansma 19e yn Amearika

22 feb 2009 - 17:50

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is mei syn maat Edwin van Calker teloarstellend 19e wurden by it wrâldkampioenskip yn de twamansbob. Op de Amerikaanske baan fan Lake Placid hie de Nederlânske ploech it dreech, benammen yn it ûnderste part fan de âld-Olympyske baan.

It goud gong nei de ploech fan Switserlân. Dútslân waard twadde en de Amerikaanske ploech pakte it brûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)