Frihals nei heale finale

22 feb 2009 - 14:37
  • Frihals út Ljouwert

De Ljouwerter band Frihals hat him opnij pleatst foar de heale finales fan de Clash of the Coverbands. By eardere dielnames hie de band ek al sukses en sleepte ûnder oare de publykspriis en de priis fan de faksjuery binnen.

De heale finale is yn Paradiso yn Amsterdam. As Frihals dizze ronde oerwint spylje se mei de finale yn 013 yn Tilburch. Se meitsje dan ûnder oare kâns op de titel 'bêste coverband fan Nederlân', in cd-single en fideoklip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)