Auto tsjin beam yn Stynsgea

22 feb 2009 - 14:24
  • Fan de auto bleau net in soad oer...

By in oanriding op de Turfleane yn Stynsgea binne freedtejûn fjouwer persoanen ferwûne rekke. De bestjoerder (19) út Surhústerfean ried fanút De Harkema yn de rjochting fan Stynsgea. Nei't er mei hege faasje in oare auto ynhelle hie, rekke er yn in bocht de macht oer it stjoer kwyt, wêrtroch't er yn de berm telâne kaam.

Uneinlik kaam de auto tsjin in beam ta stilstân. Hjirby rekken de bestjoerder en syn trije passazjiers ferwûne. Se binne mei nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)